Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Antoinette

Keunst
PDF Print E-mail
fan George van der Mijn*

Image

Se woene ha dat Antoinette
foar de ivichheid bewarre bleau:
sy wie te âld foar houlikslok
en hearde nea in berneskreau,
dat sy waard yn de ferve setten.

De kleuren wiene net oerdiedich,
want de ienfâld striele fan har ôf,
it hier siet stiif en sûnder lok,
de eagen blonken brún of blau,
it hûntsje wie mei har ienriedich.

Har bern, it moast ek yn de ferve,
wol twakleurich, want se tocht swart-wyt,
dêr siet er dan, har iennichst lok;
twa haadpersoanen stiene kyt
en as sy dea wie, soe hy erve.

* George van der Mijn (1723-1763)
waard yn Ingelân berne en festige
him foar syn tweintichste as skilder
yn Amsterdam.

admin

Skier boppe kleuren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Miskin*

Image

As skilder wied er net sa machtich
as syn baas, de grutmogol,
hy wie mar ien fan faaks wol tachtich,
skiere fûgel, mar mei kleuren gol.

By fabels makke hy de bylden,
altyd mei in baas moraal
dy’t dieren mei de minsken dielden,
elk wol yn syn eigen styl en taal.

De dieren liet er fleane, drave,
krûpe, swimme, sa’t dat giet
om ’t heechst te kommen, mar de raven,
skiere fûgel, song it rauwe liet:

‘Jim kleuren ha gjin skiere wearde
op in rots al like skier,
dy’t dêrom ’t bûnte libben kearde,
sjoch de skutkleur fan it heechste dier!’

* Miskin dy’t yn 1590 mei dekkende wetterferve
‘De raven sprekt de sammele dieren ta’ skildere,
wurke mei in protte kollega’s yn it atelier
fan grutmogol Akbar (1542-1605).

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum