Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Eleonora

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jakob Seisenegger*

Image

Eleonora, jonge frou fan Mantua,
jo binne ’t sieraad fan it lân,
fan heech komôf, de eale stân,
jo mem keas út de rike dracht,
jo heit woe op ’t panieltsje ta.

Eleonora, sa woe graach de skilder ’t ha:
it gouden kapke op it hier,
de ealstien op as hollesier,
it snoer symboalysk foar de macht,
do harkest, seachst en lietst it ta.

Noara of Noarke, hoe wolsto it sels graach ha?
Fuort mei de ballêst om ‘e kop,
ik set gewoan in mûtse op,
as famke fan noch lang gjin acht
gean ik myn eigen gong, no sa!

* Jakob Seisenegger (sirka 1504-1567)
wie skilder oan it hôf fan Habsburch.
Hy skildere û.o. keizer Karel V (1532)
en makke fjouwer jier letter
it panieltsje mei Eleonora fan Mantua.

admin

Damesportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Adam Kruseman*

Image

Se hie deselde bou as mem
en koe dêr amper wat oan dwaan,
it siet no ienkear yn it skaai,
no sa, men moast de lea ’t gerak ek jaan,
dan gie sy grif wat langer mei,
dochs wie it lestich foar ’t portret,
mar troch de keunst wie ’t lijen oer.

De skilder eage nei it fet
en fûn ’t gehiel in hiele toer,
want keunst kaam heger as it hier
en doek, it lichem koe ek net foaroer
en lytser wie ’t gesicht te fier,
dus tsjinne hy har fan advys:
‘Natuerlik is it moaiste, frou!’

De eachopslach waard froufrjemd fiis,
de kape kaam perfoarst net ôf,
dus keunstich makke hy har klear,
net yn de hûs, mar tsjin it himelsk blau,
sa fleach op ’t rôze wjukkepear
de sierein mei har grouwe lea
keunstmjittich oer it griene gea.

* Jan Adam Kruseman (1804-1864)
wie yn syn tiid ien fan de bekendste
Nederlânske portretskilders.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum