Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Swevende figueren

Keunst
PDF Print E-mail
fan D.P.G. Humbert de Superville*

Image

Hy hat it sjoen, de keunstner,
dat heroysk folk fan Michelangelo
yn Rome by it Lêste Oardiel,
mei har ierdske spieren, doe en no
yn ’t lêst, mar tsjuster wie har siel.

De keunstner hat it lêzen,
Dantes folk dat sweefde yn it helske gea;
nei ’t rôve foardiel folge ’t niediel
mei dochs hope op in sêfte dea,
mar ivich lije soe har siel.

Hy waard soldaat, de keunstner,
yn syn ieren ’t Frânske revolúsjebloed
dat brûsde, mar net yn syn foardiel;
finzen yn de kriich joech him dochs moed
te sjen wat libbe yn syn siel.

De keunstner seach it sweven
fan ’t heroysk folk by ’t oergean fan de tiid,
dat wachte op it lêste oardiel,
freegjend hoe’t ferrûn har ierdske striid…
waard hel of himel harren diel?

* D.P.G. Humbert de Superville (1770-1849)
gie yn 1789, it jier fan de Frânske revolúsje,
foar tsien jier nei Rome.
Dêr seach er de masterwurken fan Michelangelo  
en lies er ‘De Godlike Komeedzje’ fan Dante.

admin

It bokje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

As balling rekken se yn Ninevé,
de âlde Tobit en syn leave Anna;
hy wie rjochtfeardich, in tsaddyk,
foar ’t bystean stie er altyd ree,
de minste put, ’t begraven fan in lyk.

Tsaddyk, mar dochs trof him it tsjuster lot
wylst hy mei iepen eagen lei te sliepen:
in mosk skiet him it ljocht derút;
hy rôp oan Anna en syn God:
‘Rjochtfeardich wie ik, blyn bin ‘k ta beslút.’

Syn Anna naam ’t beslút as warber mins,
se soe foar brea en molke út te weevjen
wylst Tobit spinde trie foar trie,
syn hannen joech er amper lins,
omdat er taastend ek rjochtfeardich wie.

Doe kaam de dei fan lean en wer syn lot,
syn wiif, woe hy wol ha, hie ’t bokje stellen,
sy spatte op mei rjocht replyk,
hy rôp oan Anna en syn God:
‘Rjochtfeardich wie ik, bin ik noch tsaddyk?’

* Rembrandt (1606-1669) wie obsedearre
troch de blinens fan minsken, û.o. fan syn heit,
mar ek troch de geastlike blinens yn syn tiid.
It skilderij ‘Tobit en Anna mei it bokje’
is basearre op it apokrive bibelboek ‘Tobit’. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum