Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skilder yn it atelier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hubert Robert*

Image

Noch yn nachthimd wied er sitten gien
op ’t rântsje fan syn skildersstoel
fanwege waarme ynspiraasje
troch de frou sa kâld as stien
mei inkeld keunst as doel.

Eva spriek him út ‘e hichte oan
net mei de waarmte fan it hert,
mar koel en stiif út argewaasje
oer de janboel, gjin fertoan,
alhiel nei keunstners wet.

Adam glimke om it stil trelit
en joech syn hiele wêzen bleat:
‘Wy manlju strielje út in graasje
yn de janboel lykas dit,
genietsje foar’t it keart.’

Oan de muorre hong er wiken skean,
de skets fan him dy’t moannen sit
ferdjippe yn syn meditaasje:
‘Alles moat yn lykwicht stean,
dy keunst is in besit.’

* Hubert Robert (1733-1808)
skildere, beynfloede troch
syn alvejierrich ferbliuw
yn Rome, foaral lânskippen
mei Romeinske gebouwen.
Hy wie nei de Frânske revolúsje
de earste direkteur fan
it Louvre.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum