Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Buorpraatsje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Honoré Victorien Daumier*

Image

Se ha it nijs heard út Parys
fan revolúsje, alles oars en sa,
gjin hege pet mear foar de bazen,
mar sy moatte ’t fan har eigen ha,
hjoed mei rezinen yn de rys.

Us lytse poppe wurdt in jier,
dy skat, wy hawwe oan Janet gjin bern,
by ’t wurk op ’t lân leit sy te blazen
tusken sliep en tate troch… mar kin
sy al… jawis, sy is al fier!

Se witte fan gjin tiid dy’t komt,
de reis foargoed fan doarp nei grutte stêd,
it wurk yn it fabryk mei bazen
dy’t har slaven jouwe amper sêd…
gjin revolúsje mear, ferdomd!

* Honoré Victorien Daumier (1808-1879)
hold it mei it gewoane folk.
Hoewol’t er mear as 4000 lito’s makke oer
de misstannen yn de Frânske maatskippij,
lei syn hert by it skilderjen fan de ienfâld
fan de man en frou op it lân en yn it fabryk.

admin

Keninklike graasje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Honoré Victorien Daumier*

Image

Dêr leit er yn de boeien slein
om’t hy syn kritysk tinken
oer de kening** hearre liet;
no is er yn de sel tenein,
lit inkeld noch syn kreunen klinke,
wylst de kening by him stiet.

‘Ealachtber rjochter, ’t is wol wis
de man kin amper drinke,
is wat mei syn selstraf mis?’

‘Lit, Majesteit, gjin misferstân
bestean, it wie de namme
dy’t er oan de kening joech:
jo giene as ‘De Par’ troch ’t lân.
Hoe kin sa’n mûle ûnbeskamme
’t fruchtfleis koarje yn de kroech?’

‘Ealachtber rjochter, sa’t ik fiel,
kin ’t hert gjin sprekken lije,
dat de man is gjin gefaar
foar keningshûs en Frânske siel,
hy mei fan my de frijheid krije,
miskien foar noch in dei moai waar.’

* Honoré Victorien Daumier (1808-1879)
makke yn syn libben mear as 4000 satiryske lito’s.
Hy stie oan de kant fan de minske dy’t de klappen krige.

** Louis Philippe

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum