Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferhúzje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

Image

In libbenlang al yn Sint Petersburch
yn ’t hûs dat sy wurdearren
as feilich honk mei harren hûn,
trou oan elkoar ferbûn,
dêr woene sy ek stjerre.

No binne se ynein fan ’t sjouwen, te wurch
om harren lot te dragen…
wat kin dan noch it iennichst bern
dat stiet it oan te sjen
mei sels in lege mage.

De Neva streamt net mear, mar leit foar dea,
dêrachter riist de fêsting
fan tsaren noch yn it ûnthâld;
hy hat it stjerrend kâld,
sy fielt de sek as lêstding.

De takomst skrynt har troch de skrouske lea
sa ûnderweis tegearre,
de eagen ôfkeard fan it wrak
as byld fan ’t ûnderdak
dat sy al kreakjen hearre.

* Viktor Vasnetsov (1848-1926)
begûn syn karriêre mei realistyske skilderijen.
Letter lei er him ta op it útbyldzjen
fan myten, leginden en mearkes.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum