Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wierheid fan twa jonkjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan in Roemeenske ikoanskilder

Wa hat mei kryst de wierheid fûn
dêr’t ieuwenlang nei omsjoen wurdt
mei ’t skynsel fan it langstme;
men komt faak oan op kâlde grûn
en heart gjin inkeld wurd.

Image

De hoeders komme swijend oan,
ferklomme op ‘e hurde grûn,
mei ’t skynsel fan de lampe;
in jonkje boartet mei de hûn,
it is de hoederssoan.

Marije sit heech op ‘e troan
yn ’t reade kleed fan keningin
mei om de holle ’t skynsel;
it wizend jonkje wit al skoan:
lit wêze sa’t ik bin.

Image

Wa hat mei kryst de wierheid fûn?
Twa jonkjes binne it
by ’t skynsel fan har wêzen;
wêr’t ieuwenlang nei omsjoen wurdt,
hat taal of teken jûn.

* Rembrandt (1606-1669)
wie de skilder fan it ljocht,
dat op it skilderij
‘De oanbidding fan de hoeders’
fan it Kristusbern
en de hoederslampe ôfstrielet.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum