Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Farre by teiwaar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Artan de Saint-Martin*
fan Albert Baertsoen**

Image

Lang wie it lânskip suver wyt
behalve om it stienfabryk
dêr’t reek en roet de delslach joegen,
oant de winter stadich sliet
en folle wolken gatten sloegen.

De spegelglêde flakte briek
yn skossen, stridend op ‘e stream
mei ’t skip dat op it skerpst lavearre
út ‘e lijte fan ’t fabryk,
de maitiidsrop wie al te hearren.

Se leine noch yn ’t stedskanaal
en harken nei de fiere rop
om yn de moarntiid út te farren,
’t wie de ein fan ’t iisferhaal,
it skip wie foar de delslach sparre.

Image

* Louis Artan de Saint-Martin (1837-1890)
wie ien fan de earste Belgyske ympresjonisten.

** Albert Baertsoen (1866-1922)
kaam út in famylje fan Gentske yndustriëlen.
Hy makke in protte skilderijen fan syn berteplak.

admin

Selsportretten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Hy seach noch net de kleare kleuren,
mar as Rembrandt clair-obscur,
wie ek sa’t mem woe yn de klean,
it eachbrún, skerp as fan in earn,
socht al it aventuer.

Heech fleach er boppe bosk en heuvel
mei it each op kleur as proai,
dy’t bluodrich kaam op it palet,
hy gie mei fellens oan de roai
en finzen waard er net.

Syn kop is klear yn felle kleuren,
’t hier obscur as yn kontrast
mei foar it each in wite kyl,
yn brune opslach sprekt de siel:
jim oardiel seit gjin barst.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973),
bewûndere en bekritisearre,
bylde it libben út fan gewoane
minsken.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum