november 7, 2016
fan Francisco Goya* It libben is in saak fan ûnderweis, persoanlik kiest elk in bestimming foar syn eigen sielerêst, guon nachts, de measten deis ôfhinklik fan de stimming. It wie de middeis ûnder ’t blauwe swurk Mar sy ried troch op wei nei ierdske pracht, It lêste deiljocht striek noch oer it swurk, Op ûnbesprutsen wannel troch de nacht * Francisco Goya (1746-1828) |
november 7, 2016
fan Johannes Vermeer* Frouwe wurkje! Sa woe God it ha, de beide hannen út ‘e mouwe, tsien fingers as de hiele wet, dêr moat it yn ’t bestean op ta, in oare oarder is der net, lit froulju dêr mar op fertrouwe. Sjoch har sitten yn it folle ljocht Sjoch har holle tsjin de lege hân * Johannes Vermeer (1632-1675) |