Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Potdikke

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Wat stikken?
Syn eigen mouwen sieten raffels oan,
syn hûn hie skurve plakken op ‘e hûd,
hy wie fan earme lju de soan,
wat woe dy fint, ferdikke!

Neat stikken!
Hy goaide wol, mar mei in stikje hout,
der achteroan, it siet syn hûn yn ’t bloed,
gjinien waard rekke, it wie fout,
sa woe dy fint, ferdikke!

Yn stikken!
Hy seach dy fint yn hûndert partsjes stean,
it wie fansels syn fantasy, mar goed:
de raffels yn de kreaze klean,
in skurve hûd, potdikke!

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)

admin

Wetterbylden

Keunst
PDF Print E-mail
fan Eugène Boch*
fan Anna Boch**

Lit it wetter ivich weagje,
’t is de minske as symboal,
beweging oant de lêste siken,
hin en wer fan poal oant poal
en beide ha in byld foar eagen.

Image

Lit de man yn grûn omreagje,
kolkje lykas in rivier
en witte fan gjin wet en wiken,
fan de bagger riist in pier,
hy hat in eigen byld foar eagen.

Sil de frou ’t mei weagen weagje
fan de see de ieuwen troch,
de kusten foarmjend, sa docht bliken,
ivich ekspressyf en sjoch…
sy hat de harmony foar eagen.

Image

* Eugène Boch (1855-1941)
wie in Belgyske skilder,
dy’t yn 1886 yn de kunde
kaam mei Vincent van Gogh.

* Anna Boch (1848-1936),
in suster fan Eugène,
wie behalve yn de skilderkeunst
ek ynteressearre yn muzyk.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum