Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Fluitsje nei fammen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Se wiene libbenslange maten,
hiene foar elkoar net ien geheim
yn wize wurden, strutsen klean,
mar koe har kreaze praten bate?

Image

De brief kaam fan twa leave fammen
dy’t skerp harke hiene nei it praat
en fierder noch gjin finger bean:
dat sokke jonkjes har net skammen!

Dy wiisheid hat har earst ferlamme:
wiene sy yn ’t wurd net goed genôch?
Dan mar in oare kant út gean,
nei bûten mei de fluit, ferjamme!

Se wiene libbenslange maten,
hiene foar elkoar net ien geheim
yn ’t spyljen en yn ’t neaken stean,
mar wiene dit wol iepen kaarten?

Image

Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘It lêzen fan de brief’
Skilderij ‘De panfluit’ 

admin

Tusken trije hearen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

Sy hat it hjoed benaud
en skoot it finster iepen,
skylt in sinesappel, mar
gjin frucht, eksoatysk soppich, jout
it libben sin foar har,
it lok leit net foar ’t gripen.

Dan bûnzet har it hert:
by ’t stilstean fan twa hearen
yn de bûging foar it rút
ferjit sy al de strange wet
fan heit: gjin aai of tút,
behâld de famme-eare!

Sy lit har der wol yn:
de iene hellet út ‘e
jas in romer en in krûk
en biedt har oan in slokje wyn,
de oare sjocht in spoek
yn al dy frijerstuten.

Dan draait se har gesicht
en proast op ’t sinnich libben,
hat gjin sicht op heit en plicht.

* Johannes Vermeer (1632-1675)
krige earst wurdearring foar syn wurk
yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu.
Skilderij ‘Dame en twa hearen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum