Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Gek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Bruegel de Oude*

Image

De wrâld is gek,
mar ik bin ’t net,
lit my mar rinne,
want ik bin jong,
gean troch foar slet,
myn eigen gong.

De man skyt jild
dat ik gau hein
om wat te winnen,
‘k gean troch foar hoer,
ha wolris lein,
mar no is ’t oer.

Wêr’t ik ek kom,
’t is mei geweld,
dêr stekt it hinne,
‘k gean troch foar heks
dy’t berntsjes stelt
en noch mear geks.

In grutte bek
dy’t alles fret
en dan mar stinne,
‘k gean troch foar fraat,
mar ‘k bin net fet,
dus gekkepraat.

’t Is oeral fjoer,
mar ik rin troch,
’t komt fan de sinne…
ik pyromaan?
Ek dat dan noch,
wat soe it jaan?

It docht my neat
dat ‘k meunsters sjoch,
lit my mar rinne                                    * Pieter Bruegel de Oude (1527/1528-1569)
fan stek nei bek,                                  waard ek wol ‘Pier den Drol’ neamd
ik libje noch,                                        fanwege syn ‘drollige’ (grappige) tafrielen,
bin dochs net gek?                               dy’t lykwols in djippere betsjutting hawwe.

admin

Mankelyk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Constance Marie Charpentier*
fan Theodore Gericault**

Image

Se klaaide har yn ’t wyt
omdat it paste by it neaken
sa’t dat yn de holle siet:
de bylden fan it dweiltrochwiet
fan see en swit, se woe it kwyt,
mar oan de kym… gjin inkeld beaken.

Wat hy ferhelle hie,
feroare yn wol hûndert bylden:
’t raseil oan de skeane mêst,
de trie joech amper noch hâldfêst,
de swarte dy’t syn himd útdie,
sy fielde oan wat him besiele.

Fan fyftjin wie hy ien
dy’t libben fan it flot ôfkommen
wie, syn wurd waard by har byld:
de heit hie noch de hertslach field,
doe waard syn soan sa kâld as stien
en wie syn siele ek ferklomme.

Se sit foar dea yn ’t wyt
op ’t flot dat sy fan ’t libben makke
mei foar eagen ’t jongeslyk;
de weagen rûzje mankelyk:
‘De rekkest nea dat neaken kwyt,
’t sil oan dyn hûd as seesâlt plakke.’

Image

* Constance Marie Charpentier (1769-1849)
krige foar har wurk de gouden medalje
fan de Salon fan Parys.

** Theodore Gericault (1791-1824)
wie ien fan de bekendste fertsjintwurdigers
fan de Frânske Romantyk.
Skilderij ‘It flot fan de Méduse’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum