Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Finsk ferset

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albert Edelfelt*
fan Akseli Gallen-Kallela**

Image

Hy seach de Rus rjocht yn ’t gesicht,
Wibelius, de Finske gûverneur,
de hân op ’t âlde wetboek:
‘Generaal, gjin oarder dy’t ‘k fersteur,
ús folk docht troch de tiid syn plicht.’

De tiid joech oan de Rus de macht,
want Finske grinzen wiene net yn tel,
soldatelearzens stampten
deadlik, makken mem en berntsjes kjel,
it lân sonk yn de winternacht:

‘Generaal, ús wet is net yn tel,
myn folk slacht op it libben acht.’

Mar yn de simmer riisde ’t ljocht
dat troch de libbenstiid net ûndergong
en sjoch, dêr stie Kullervo
as it Finsk ferset dat flokte, song
by rots en pynbeam foar it rjocht:

‘Do ferdomde Rus, wy gean ús gong,
dyn dea jout ús wer libbensnocht.’

Image

* Albert Edelfelt (1854-1905)
wie in Finske skilder
dy’t mei it skilderij ‘De gûverneur’
it ferset fan syn heitelân
tsjin de Russyske besetter útbylde.

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
die itselde mei ien fan de figueren
út ‘e sêgen fan de ‘Kalevala’:
‘De flok fan Kullervo’.

admin

Mynhear de presidint

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Buisseret*
fan Jan Burssens**

Image

Mynhear de presidint,
do sjochst se net, dêr mei har trijen:
mem, har faam en keardeltsje,
sy binne oan de frede wend
mei oerfloed en gitaar,
alhiel gjin lijen.

Madam de Medipom,
do sjochst him net, dêr mei syn eagen,
trije foar sa’n keardeltsje,
hy sjocht net nei jim trijen om
en rekket oars gjin snaar
as bloedspoarpleagen.

Mynhear de presidint,
do sjochst se om dy hinne fleanen:
terroristen, keardeltsjes
oan moard en selsmoardgurdle wend,
mar sjochsto it gefaar…
dy’t neaken steane?

Image

* Louis Buisseret (1888-1956)
wie in Belgyske skilder
dy’t him talei op ‘e klassike keunst.

* Jan Burssens (1925-2002)
wie in Belgyske skilder
dy’t bekend waard mei syn portretten
fan histoaryske en aktuele helden.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum