Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Feroarjende Venus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Sandro Botticelli*
fan ûnbekend**

Image

De wrâld is yn beweging,
feroaret troch de ieuwen hinne
fan ûnsjoch nei skinend moai,
oarsom nei blyn en út ‘e ploai,
sawol de minsken as goadinnen.

Sy stiet op in ferheging,
krekt berne tusken see en sinne,
Venus, moai fan hier oant neil
en bringend foar de froulju heil,
opdat sy ek noch fruchtber binne.

Sy kriget gjin beweging,
is troch in manljushân ferstienne,
ieuwen lyn, mar fruchtber moai,
wol blyn en djip fan búk en ploai,
sy moat de wrâld in bern noch winne.

Image

* Sandro Botticelli (1483-1520)
Skilderij ‘De berte fan Venus’

* De ‘Venus fan Willendorf’
waard 25.000 jier foar Kristus makke.

admin

Troch ’t krús sjen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jozef Cantré*
fan Emile Claus**

Image

Dat rút mei ’t krús,
dêr falt it ljocht noch troch,
fan bûten-binnen,
syn bestean fan binnen-bûten,
oeral wie syn thús,
hy libbet noch.

De holle draait
nei ’t krús, beweging noch
fan binnen-bûten,
dan fan bûten wei nei binnen
sjen, it libben seit
noch wat, want sjoch:

Dêr stiet er mei
in bûgde rêch op snein
sa tusken neisten
wylst de fiersten ryklik ite,
’t lei net op syn wei,
dêr wie ’t mei sein.

Image

* Jozef Cantré (1890-1957)
wie in Belgyske keunstner.
Houtfyk ‘De boer dy’t stjert’

* Emile Claus (1849-1925)
wie in Belgyske skilder.
Skilderij ‘De picknick’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum