oktober 10, 2024
fan Ralph Bruce*
De hannen bûn, fêst oan in peal,
de skonken stiif troch kjeld en stress,
de holle fol mei tinzen, flits nei flits,
de hertslach yn in rappe roffel,
hy stiet nêst syn maten.
De wrâld hie kleur, mar is no feal,
it read sloech op de tsaar syn bloed
dat floeie soe, fiif skotten, flits nei flits,
gjin hertslach mear foar fûle klappen,
tiid om frij te praten.
Syn libben wurdt net iens mear heal,
lit stean dat hy noch pake wurdt,
dan heart er stille skotten, flits nei flits
krijt hy foar eagen, mar gewearen
swije, hy heart praten.
Hy stiet noch, mar dan wol foar peal,
folslein ferstive fan de stress
dy’t dûbel oankomt, dea en no net mear,
de graasje lit de roffel duorje…
lang sil Fjodor libje!
* Ralph Bruce
Skilderij ‘Graasje foar Fjodor Dostojevsky’
oktober 3, 2024
fan Lovis Corinth*
As ridder fan ’t ferline
hold er ’t kulturele heech,
de wearden fan de foarfaars
glommen op it hurde stiel,
de takomst woe er sa beskine.
De takomst briek syn stielen
idealen mei de kriich
dy’t útbriek yn Europa,
wat him streekrjocht rekke yn
de siel, de wûne is nea hiele.
Dochs hold er fêst oan wearden
fan eartiids, heech de banier
om tsjin de takomst yn te
striden, spot waard as in spear
dy’t wanhoop yn it libben kearde.
* Lovis Corinth (1858-1925)
Skilderij ‘Selsportret yn harnas’