Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Master Moanne

Keunst

fan Winslow Homer*

Tusken harren is noch romte
lykas tusken moanne en de wrâld,
dêr’t sy al jierren yn ferkeare
mei wat minsken dwaande hâldt.

Sy dogge trou de plichten
oplein troch wa’t boppe harren stean,
dat binne meastal hege hearen
dy’t foar de matearje gean.

De oaren rinne taastend
yn it tsjuster, sykjend om elkoar,
sy kinne ’t needlot soms net keare,
komme elkoar wol op ’t spoar…

… nei ’t plak dêr’t weagen sjonge
oer it ljocht, folslein in oare wrâld
dêr’t dier en minske yn ferkeare,
hearen soargje foar behâld.

Tusken harren wurdt de romte
lytser, ljochtet op in nije tiid,
de moanne sil de sinne leare
dat it tsjuster net mear skiedt.

* Winslow Homer (1836-1910)
Skilderij ‘Moanneljocht’

admin

Tusken slak en flinter

Keunst

fan Frans van Mieris*

De slak op stien, de flinter op klimop,
hy draacht syn hûs hiel stadich mei,
sy rêst in skoft fan ’t wjukjen út,
mar sil dêrnei wer fierder fleane,
klimmend nei de top.

Hy skôget al in oere ’t libben oer,
dat muzikaal mei fleur begûn,
hy seach mei langstme dernei út
hoe’t syn fioele wjukke nei de
top mei him as stjoer.

No leit it ynstrumint op hurde stien,
dy’t kâldwei him de wierheid seit:
mei stive fingers is it út,
as slak hâldsto gjin wize, hâld mar
op, mei dy is ’t dien.

Hy nimt in slok, dêrnei ek in garnaal,
sa tusken slak en flinter yn
fertelt er skôgjend syn ferhaal.

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘De âlde fioelespiler’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum