Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Manzanares sjongt

Keunst

fan Francisco de Goya*

De Manzanares rôp: ‘Nei bûten,
harkje nei myn rûzjend liet,
lit achter jim de drokte fan de stêd,
rin oer de heuvels nei my ta,
wat goed is foar jim sloppe kûten.’

Se kamen man- en ek froumachtich
op it trochgeand rûzjen ôf,
it liet dat harren nûge foar de dûns,
it gie doe los mei twa by twa,
de Manzanares fûn it prachtich.

Fan ’t skaad kaam ’t selskip yn de sinne,
wylst de mage gnoarre ’t liet
fan nei de dûns bist roppich, wurdst wer sêd,
dan moatst it fan de picknick ha
en litst dêrnei it wetter rinne.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘De dûns oan de igge fan de Manzanares’
Skilderij ‘De picknick oan de igge fan de Manzanares’

admin

Dynamysk portret

Keunst

fan Giovanni Boldini*

Dêr sit se, wol mei dynamyk
as waard se sa lansearre
nei har eigen universum
mei withoefolle stjerren,
oan har eigen stân gelyk.

Se hâldt fan beide, man en frou,
’t hielal mei alle stjerren
fljocht sy samar yn it rûn,
wa soe har flecht bedjerre?
Gjin raket bringt har yn ’t nau.

Loaihoarsen giet sy mei op stap,
stiet foar dy bisten iepen
as wiene sy de man en frou
om tuskenyn te sliepen…
erotyk, foar har gjin grap.

* Giovanni Boldini (1842-1931)
Skilderij ‘Portret fan Marchesa Casati’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum