oktober 1, 2016
fan Caravaggio* Fiif stiennen kamen út ‘e stream fan leauwen dat it mooglik is, hoe faak hie David al in dream fan syn ferwachtings, wrachtich wis. Fiif boeken ha it him ferteld Ien stientsje út syn hoederstas, Ferwachtings wurde wrachtich wier, Ien slach, de siken streame fuort, * Caravaggio (1571-1610) |
oktober 1, 2016
fan Edgar Degas*
Dêr komt er stampend út ‘e fierte, breinroer om dat bern fan neat, it fintsje dat Saul stjoerd hat; Goliat syn eachopslach wurdt read, hy sil dy hûn syn bloed sjen litte. Syn stappen binne fan in hoeder, Hy sil him net bespotte litte Twa stappen noch, dan is er kommen * Edgar Degas (1834-1917) |