Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Bline wraak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Tweintich jier wie Simson rjochter,
in jubileum yn de finzenis?
Syn tastân makke him ûnwis,
hoe waard er blyn noch fjochter?

Rûnom hearde hy de lûden
fan ’t Filistynske folk mei feestlik moed,
it fielde foar himsels net goed,
’t gefoel dat geasten woeden.

Nei de timpel waard er helle,
jûchhei en laitsjen foelen op him del,
dit wie noch slimmer as syn sel,
dêr koed er stappen telle.

‘Lit my,’ sei er tsjin de jonge,
‘de pylders fiele, want dan ha ik rêst.’
Sa kriich er wer syn âld hâldfêst,
wylst trijetûzen songen.

‘Jou my,’ bea er oan de Iene,
‘myn krêften foar de bline wraak werom.’
Doe treau er beide pylders om,
dêrmei de Filistinen.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Simsons dea’

admin

Swak en blyn

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan Annibale Carracci**

Image

Delila hat it lange hier,
rint yn triomf har peesplak út
mei yn de hân de skjirre;
se wie de hiele nacht yn ’t spier
mei flaaikjen, tuskentroch in tút
oant Simson ’t iepenbierre.

De Filistinen ha de man,
dy’t machtleas ûndergiet de grip
nei withoefolle pleagen
– as nazireeër neffens plan –
hy raast it út by elke prip
dy’t flimet yn syn eagen.

Dêr stiet er mei twa keattings bûn,
tsjin syn karakter muorrefêst,
yn ’t neaken foar de eagen
fan wa’t him sjogge as in hûn
of ezel, draaiend sûnder rêst
as wraak foar alle pleagen.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simson wurdt blyn makke’

* Annibale Carracci (1560-1609)
Skilderij ‘Simson finzen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum