Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Troch de Jordaan

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Tolve stammen stiene foar de stream,
foar elkenien mear as in drip,
it wetter brûsde der mar hinne,
fierde mei de lange dream,
te djip om dêr sa troch te kinnen.

Jozua wist fan it brede wiet,
de Reidsee, mei it djippe paad
foar hiel it folk om dêr oerhinne,
nei it wurd kaam wer de died:
Gods troan om derby lâns te rinnen.

Prysters stiene mei de arke yn
de midden fan de grinsrivier,
it wetter waard in hege muorre
lykas earder, jierren lyn,
salang’t de modderstappen duorren.

Tolve manlju droegen út ‘e stream
in stien, foar elke stamme ien,
in tinkbyld fan oer grinzen hinne,
sa kaam út de lange dream
fan eigen grûn om op te rinnen.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Trochtocht troch de Jordaan’

 

admin

Mozes’ dea

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan de Flaamske Skoalle*

Image

Mozes klom de Nebo op
mei yn de earen noch it kleien
oer gjin wetter yn de krûk,
de stokslach en syn lilke rop,
it streamde bûten ’t wurdgebrûk.

God rûn doe mei Mozes op
en hoegde dêroer neat te sizzen,
want de tsjinstfeint hie it heard;
doe’t beide wiene op ‘e top,
seach Mozes lizzen lân en stêd.

‘Sjedêr it lang beloofde lân,
nim ’t yn dy op foardatsto stjerst.’

Mozes folge ’t lêste paad,
de berch del neffens God syn sizzen
dat er net nei ’t lân ta mocht;
doe foel yn de bedelte ’t skaad
fan dea en grêf yn godlik ljocht.

Image

* Flaamske skoalle (15e ieu)
Miniatuer ‘Livres des heures, de dea fan Mozes’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum