Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jericho’s delgong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan folgelingen fan Rafaël*

Jericho, de tagongspoarte
fan it lân fol fan ûnthjit,
mar breed en heech de muorren…
is der ien dy’t fan syn delgong wit?
De Iene sil it trochjaan moatte:

‘Rin sân dagen om de muorren,
sân kear op ‘e lêste dei
om ’t rûngean fol te meitsjen,
’t wurdt opnij in opgong op jim wei
fan fjirtich jier, as teken duorre.

Prysters rinne foar de arke,
blazend op ‘e rammehoarn,
wer sân foar folle lûden
troch de stilte fan de iere moarn,
wylst de stedsjers ûnwis harkje.

Op ‘e sânde dei jûchheie
alle geanders mei it lûd
fan blazers tsjin de muorren
dy’t bewege, falle, sa komt hjoed
de ein fan fjirtich, op nei ’t nije.

Image

* Folgelingen fan Rafaël (begjin 16e ieu)
Fresko yn de Fatikaanske loggia’s

admin

Hillige plicht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Guiard des Moulins*

It wie safier,
de muorren kamen yn it sicht,
dêr lei it sterke Jericho,
wie ’t inkeld skyn of wier?

Wat wie syn plicht?
Dat frege Jozua him ôf,
allinnich kaam er tichterby,
de poarten wiene ticht.

Image

It flitste foar
syn eagen, ’t koe net oars, in swurd…
in fijân of in kammeraat?
Hy rekke yn de war.

Doe kaam it wurd:
‘Ik bin de foarst fan ’t leger fan
de Iene, doch de skuon rap út,
wat hillich is, hat nut.’

In fiergesicht
kaam Jozua foar eagen doe’t
er bûgde foar de himelfoarst,
hy wist foargoed syn plicht.

* ‘Ut Guiard des Moulins’ Bible Historiale
(lette 13e ieu)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum