Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Wolkom foar de arke

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan de Frânske Skoalle*

Image

Sjoch no ris oan, dêr komt er oan,
de arke fan de Iene
op in keallekarre mei twa kij derfoar,
in kistke goud, tichtby de troan
en yn it karrespoar
de foarsten fan de Filistinen.

Fiif foarsten drage mei de skuld
oan bûlen en ek mûzen,
pleagen dy’t feroaren yn har suverst goud;
se bliuwe stean, fol ûngeduld:
wie ’t tafal of har fout?
De kij gean troch, dy God ferhûzet.

Image

Sjedêr, de Iene bringt syn troan
werom, lit ús dat fiere
mei de arke, mûs en bûle op in stien
en stek dêrby it offer oan,
de karre koart en klien,
dêrop de Filistynske dieren.

Image

* Frânske Skoalle (13e ieu)
Yllustraasje ‘De arke en it kistke op in stien’
Yllustraasje ‘Offer fan de keallekarre en de kij’

admin

Pest nei godstwang

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Kin de arke de oerwinning jaan
oan Israel, de Iene op ‘e troan?
It is mei godstwang net te dwaan,
de fijân brûkt him as fertoan.

Asjdod, stêd fan Dagon, goede god,
hy sjocht mei grutskens op ‘e arke del,
mar komt sels del, syn brutsen lot,
it folk wurdt fan de bûlpest kjel.

Image

Asjdod, Ekron, Gat, fan plak nei plak,
sa giet de arke by de stêden lâns,
de Iene wol gjin ûnderdak
by Filistinen út balâns.

Kin it minskdom oan de Iene jaan
in gat dat yn ’t bestean noch iepen stiet?
It is mei godstwang net te dwaan,
mar wol mei Wa’t troch ’t libben giet.

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘De pest yn Asjdod’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum