Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Flardefrede

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Fan de Filistyn nei de woestyn,
sa wie it frjemde paad
fan Saul en David beide;
de kening fan it haatsjen blyn
en David sûnder wrok en haat,
fol langstme nei de greide.

Fan it frjemde paad nei de spelonk,
foar David in beskûl,
yn spanning mei syn mannen,
foar Saul rap út ‘e broek en pronk,
ferlichting as it tuskendoel,
koart útstel fan syn plannen.

Fan ’t beskûl nei Saul syn boppekleed
mei ’t boadskip fan syn troep:
‘Hy is no yn dyn hannen!’
Mar David pakte Saul net beet,
snie mei syn swurd yn ’t kleed en kroep
doe fluch wer nei syn mannen.

Fan de deadekâns nei libbenskar,
sa wie it rjochte paad
foar beide troch in flarde;
’t wurd fan fersoening klonk om bar,
wat skieding joech foel yn it skaad,
sa waarden libbens sparre.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David lit Saul sjen
dat er him sparre hat’

admin

Gekke David

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Simon Fokke*

Is eigen folk de fijân wurden,
dan bliuwt oer de Filistyn,
de fijân dy’t beskerming biedt,
want wie de striid net jierren lyn,
’t gefjocht om Goliat syn wurden?

Image

It swurd hat David goed ferburgen
as er foar de kening stiet,
de foarst fan Gat, dy’t him net sjocht
as fijân, dus asyl oanbiedt,
syn eachopslach is fan in wurge.

De tsjinners ha ’t wol yn de gaten
dat se foar him songen ha:
de held dy’t Goliat fersloech,
wat komt wurdskerp op David ta,
hy heart har haatsjend oer him praten.

Hoe kin er oan it swurd ûntkomme
as de poarte sletten wurdt?
Allinnich klauwe as in gek,
wylst flybkje yn syn read rûch burd
en achter út ‘e kiel wei bromme.

Kin kening Akisj praatsjes leauwe
fan syn tsjinners oer in gek
dy’t kening wurdt fan Israel?
Hy is oan ’t hôf gjin gekken brek
dy’t by in sletten poarte skreauwe.

* Simon Fokke ( 1712-1784)
Ets ‘David by kening Akisj’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum