Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hân- en fuotwurk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan de Bray*

Ien kear wie de klim mislearre,
want doe sloech de dea wreed ta,
sadat Gods arke bleau yn de bedelte;
David woe it sa net ha:
‘De Iene lit om ’t hânwurk stjerre.’

Trije moannen joech de Iene
’t goede libben ûnder ’t dak
fan wa’t de soarch hie oer de stille arke;
David woe de klim nei ’t plak
dêr’t letter tûzen dakken wiene.

Yn it wyt sloech hy de snaren
oan, in staasje mei muzyk
en op dy mjitte waard de arke droegen;
David wie oan elk gelyk,
mei fuotwurk hat er him doe warre.

Image

* Jan de Bray (sirka 1627-1697)
Skilderij ‘David spilet de harpe foar de arke’

admin

Boargeroarloch

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Twa kampen yn it iene lân,
fan Isjbosjet mei Abner
tsjin Joab, generaal fan David,
keazen beide foar geweld.

De kar wie wol mei sûn ferstân:
fan tolve man fan Abner
tsjin Joabs tolve sterkste krigers…
wa ferlear, wa waard de held?

Image

’t Wie swurd tsjin swurd en spear tsjin spear,
de iene griep de holle,
de oare stiek de side iepen…
wa ferlear, wa waard de held?

Se foelen tagelyk, gjin ear
waard op it slachfjild helle,
de striid gie troch, mear deaden foelen…
wa hat doe de deaden teld?

’t Wie Abner dy’t mei sûn ferstân
oan Joab frede frege,
dy liet ynstimmend ’t hoarnlûd klinke…
elk hat oer de ein ferteld.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Striid tusken de legers fan David en Isjbosjet’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum