Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ferdield keningskip

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pedro Berruguete*

Nei Davids kleiliet oer de deaden,
kening Saul en Jonatan,
moast hy de keningsklim noch meitsje;
nei Hebron, joech de Iene oan,
dêr soed er op ‘e hichte reitsje.

Image

Sa wist er dat syn libben kearde
nei it hoederskip fan ’t folk,
it soe sels by de hoeder komme:
stam Juda joech him kroan en troan,
de oaren ha ’t foarearst fersomme.

In generaal hold Saul yn eare:
Isjbosjet as foarst, syn soan,
dy soe de skiep as hoeder weidzje,
gjin oar mocht klimme op ‘e troan
fan Israel, hy soe se reitsje!

* Pedro Berruguete (sirka 1450-1503)
Skilderij ‘David’

admin

In memoriam troch David

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan in Etiopyske keunstner*

Image

Lit my sjonge fan de helden,
sieraad fan hiel Israel,
net langer blinkend, samar del,
it wie de fijân dy’t doe telde.

Rop it net yn fijâns strjitten,
dat de dochters fan dat slach
yn jubel reitsje oer ’t gesach
dêr’t inkeld bergen noch fan witte.

Bergen fan Gilboa, jimme
krije rein noch dauwe mear,
want skyld en spear ferlearen ear
en drager, dus bedim jim stimmen.

Heit en soan, altyd tegearre
yn de striid foar Israel,
sy joegen har net earder del
as yn it lêst, by harren stjerren.

Lit de dochters út ús rûnte
gûle om wa’t fallen is,
sy wiene fan it pronkgoud wis
en wisten dat sy poarper wûnen.

Jonatan, do leave jonge,
wiest foar my mear as in broer,
no is de ierdske leafde oer,
lit my foar dy as held noch sjonge.

* Keunstwurk ‘David spilet op ‘e harpe’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum