Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Faaie ferliezers

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Beide foarsten krigen rie
oer hoe’t de striid ferrinne moast;
omdat de oarloch duorjend wie,
kaam wer de rop: ‘Kom op, wês wach!’

Arams kening Benhadad
moast stride yn it iepen fjild:
‘Om’t Israel in berchgod hat!’
Dat wie de rie fier foar de slach.

Achab kriich fan de profeet
it wurd dat God gjin fêst plak hie:
‘Bring kening Benhadad yn need!’
Dy rie fergrutte Gods gesach.

Beide foarsten foelen oan
yn ’t iepen fjild, de berch wie skier,
dat Benhadad foel fan de troan
en Achab sleat in faai ferdrach.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Tekening ‘Achab ferslacht de Arameeërs’

admin

Boer wurdt profeet

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Massys*

Elia gie net sûnder mear
it paad werom nei Israel,
syn taak wie rjochte op in kear,
sa rûn er by de Hoareb del.

De âlde garde krige dien,
Elia ek as Gods profeet,
sa kleure letter ’t gea wer grien,
de kening hold syn ein noch beet.

Eliza wie in boeresoan,
dy’t ploege mei in tolvespan,
wist fan gjin kear fan hjoed op moarn,
noch minder dat hy waard de man.

De man yn it profetekleed,
Elia goaide dat him ta,
dit teken waard foar him in weet,
dat oksen koed er net mear ha.

Image

De oksen makke er ta fleis,
de ploech sloech hy ta blokken hout,
doe gie er as profeet op reis
mei ’t teken, libbenslang fertroud.

* Jan Massys (1509-1573)
Skilderij ‘De ropping fan Eliza’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum