Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Deadlik oansjen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gerard de Jode*

Heech yn oansjen, breed yn macht,
want breder koe de wrâld net wêze
as wêr’t Sanherib de foarst oer wie;
hy makke op syn fijân jacht
as op in bist dat net syn wurd ferstie.

Fan syn hichte kaam hy del
by ’t nachtlik wjukslaan fan in ingel
dy’t fersloech syn hiele legermacht;
hy seach de omkear en waard kjel,
mar hold syn keninklike pracht.

Bûgend foar syn heechste god
fernaam er ûnrie yn de timpel,
seach twa fan syn eigen soannen oan
en wist de deastek is myn lot,
de brede macht falt fan de troan.

Image

* Gerard de Jode (útjouwer)
Gravuere ‘Sanherib wurdt troch syn soannen deade’
(Museum Boijmans Van Beuningen)

admin

Sions laitsjen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

Benearjend wie it foar Jeruzalem,
want rûnom stiene de soldaten
fan Assyrië om ta te slaan…
wa soe de stêd doe útkomst jaan?
Noch oer bleau de profetestim:

Laitsje, dochter Sion,
laitsje Sanherib mar út,
want wit, syn tiid hat west;
hy hat de mûle iepenskuord,
syn eagen draaiden nei de loft
fan east nei west, fan noard nei súd,
foar him de ierde, God de rest,
mar grutskens rekket oan de ein
en ierdske machten duorje mar in skoft,
dus wit, foarst Sanherib, dyn tiid hat west;
yn Sion komt gjin pylk of wein
fan dy, want dit is Gods beslút:
de himel slacht dyn leger fuort,
de wei werom hast sels al lein,
lit Sion no mar laitsje.

’t Waard neare nacht rûnom Jeruzalem,
ynienen gie de himel iepen
foar de ingelwjuk om ta te slaan
om útkomst oan de stêd te jaan,
dat Sion lake mei ien stim.

Image

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De nederlaach fan Sanherib’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum