Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Salomo’s timpeltinzen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Rin ik as kening om de bou
of as de tsjinstfeint fan de Iene?
Want it is nei syn bestek
en tiid, de timpel is hast ôf.

De bou ferrint op tiid en stil,
de balken binne al op mjitte
makke bûten ’t timpelstek,
as tsjinstfeint hear ik nei syn wil.

Ik hear geregeld noch de stim
dy’t witte lit om sa te libjen
dat de neiste rjocht dien wurdt:
‘Dan bliuw ik yn Jeruzalem.’

As tsjinstfeint rin ik straks foarop
wannear’t de arke fan de Iene
nei de timpel oerbrocht wurdt,
lit elk dan harkje nei myn rop.

Want roppe sil ik foar de Hear,
fertelle fan syn grutte dieden,
yn de arke leit syn Wurd,
yn de timpel wurdt Hy eare.

Image

* Yllustraasje ‘De timpel fan Salomo’

admin

Timpelhout

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Wa kin in timpel bouwe
sûnder hout fan kwaliteit?
Yn Israel wie ’t net te finen,
dus waard ymport ta in feit,
de polityk joech it fertrouwen.

Twa foarsten ha as maten
oerlis fierd, mar wol mei takt,
dat wiene Salomo en Chiram,
sûnder help fan in kontrakt,
fertrouwen wie de grûn fan praten.

Image

Yn ’t noarden waard fûl kappe
seder- en sipressehout,
dat kostber wie yn Chirams eagen,
like djoer as timpelgoud,
syn folk soe ’t swiere wurk wol lappe.

De stammen waarden rôle
nei de see en dreauwen nei
it suden neffens Chirams plannen,
Salomo joech oan de wei
fan wat er tasein hie: de bôle.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Seders fan de Libanon
foar de timpelbou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum