Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tûzen frjemde froulju

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Frans Francken II*

Salomo seach frjemde froulju oan,
ferskuorrend waard syn hert fereale
oant er oan wol tûzen kunde hie,
it sette yn ’t paleis de toan,
want it krioele yn de sealen.

Tûzen froulju krigen him by ’t hert,
ûnwennich fan har eigen goaden,
smeken se om treast en joegen rie:
ien byldsje, wêrom koe dat net…
hy wist wol hoe’t se fan him holden.

Salomo seach ’t eigen godshûs net
en boude alters op ‘e hichten,
wat nei tûzen frouljuswinsken wie,
sa hat er goaden heger set
as God de Hear, dêr’t hy oer dichte.

Tûzen foulju hearden ’t kreakjen oan
fan âlde knibbels dy’t stram bûgden,
mar de Iene wie al út ‘e rie:
‘It keningskip skuort fan dyn soan,
omdat dyn eigen sa net hoegde.

Image

* Frans Francken II (1581-1642)
Skilderij ‘De ôfgoadetsjinst fan Salomo’

admin

Op ‘e hichte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Claude Vignon*

De kening wie al op ‘e hichte
noch foar’t de keninginne kaam
út Skeba mei in lange karavaan,
hy fielde him ferplichte.

Net yn it foarste plak de wielde
dy’t striele yn Jeruzalem,
de wiisheid krige fan de kening stim
om rûnom mei te dielen.

Sy wie noch lang net op ‘e hichte,
allinnich hie se fan him heard
hoe’t hy it die op ’t ien of oare mêd
en dat er soms ek dichte.

Image

Nei’t waarme wolkom liet sy riede
wat har al yn de holle siet,
wylst tagelyk har eachopslach gau glied
oer wat de romte sierde.

Doe spriek se sels mei wize wurden
fan har wurdearring foar de God
dy’t Salomo ferrike mei syn skat:
de rêst yn plak fan swurden.

Se kamen beide op ‘e hichte
fan wat yn ’t libben rykdom wie,
dat wiisheid joech op alle mêden rie,
sa waard ek frede stichte.

* Claude Vignon (1593-1670)
Skilderij ‘Salomo en de keninginne fan Skeba’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum