Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jona oerboard

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Jona kaam wer op it dek
en seach dat de bemanning lotte,
hy kriich de skuld, stie dêr foar gek,
it wie de stoarm dy’t him bespotte.

’t Skipsfolk frege wa’t er wie
en wêrom ’t sa fûleindich stoarme.
De oerstek wie net nei Gods rie,
dus moast er tajaan dat er doarme.

Deabenaud waard elkenien,
de weagen soene har oerspiele,
mar Jona hat in útstel dien:
gjinien soe ’t needlot mei him diele.

’t Skipsfolk rôp de Iene oan:
syn ûndergong soe har net reitsje;
de stoarm joech rie op hege toan:
se koene wurk fan ’t útstel meitsje.

Jona waard op hichte tild
en yn de wylde weagen smiten,
de see en ’t skipsfolk wiene stil,
wa soe de doarmer wat ferwite?

Image

* Tekening ‘Jona wurdt oerboard goaid’
(sirka 1540-1550)

admin

Jona ûnder ’t dek

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Luyken*

Jona bleau net op it dek
foar God yn ’t sicht, mar dûkte ûnder,
hy joech him del, der kaam in brek
yn tiid, sa foer syn geast foar wûnder.

Boppe waard it lykwols rûch,
want stoarmwaar swypke heech de weagen,
gjin  trie bleau op it skipke droech,
se krigen ’t needlot ûnder eagen.

’t Skipsfolk rôp de goaden ta,
der moast foar harren rêding komme,
de see soe doe it guod mar ha,
de goaden wiene as ferstomme.

Mar de skipper liet syn lûd
wol hearre: ‘Lis dêr net te sliepen,
rop no jo god oan, dat krekt hjoed
syn eagen geane foar ús iepen.’

Image

* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Jona op see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum