Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Utsûnderlik

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Il Moretto*

Image

Bylkje moast it hôf fan Babel
mei de bêste jonges fan it ryk,
it lichem sûn, de geast allyk,
foar alle foarsten respektabel.

Daniël kaam mei syn maten
oan it hôf, se moasten ek oan ’t miel,
’t ûnreine kaam net troch de kiel,
se ha it rêden mei it praten.

Alle dagen suver wetter,
inkeld griente, tichtby de natoer,
se holden sels oer ’t lichem stjoer
en libben hjoed, de fraach kaam letter.

Babels kening hie mear fragen,
liet har prate: wiisheid oant de ein
hat alle oaren rom ferslein,
sa rûn de geast op mei de mage.

* Il Moretto (sirka 1498-1554)
‘De profeet Daniël’

admin

Fan sel nei staasje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wylst it folk siet oan de streamen,
gûlend yn it frjemde lân
oer ’t eigen plak te dreamen,
Sion, lang lyn yn de brân,
siet Jojakin op stiennen.

Kening hied er west, mar finzen
kaam er yn it frjemde lân,
omdat de macht gjin grinzen
ken, gjin muorre hâldt dan stân,
behalve eigen stiennen.

Jojakin kriich letter graasje:
nije kening, nij bestean,
sa rûn er yn de staasje,
barde jild foar knappe klean,
sa glêd as blauwe stiennen.

Image

* Ofbylding ‘Babel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum