Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ik, Augustus

Bibelbylden

fan ûnbekend*



In keizer kin net alles witte,
wol it tal, ’t seit alles oer myn macht,
dus rûn it út op tellen,
it folk joech op myn sizzen acht,
ik ha it reizgje litten.

Tafallich kaam ik ek te witten
dat ien by de telling berne waard
yn Betlehem, in jonkje
op datselde plak paraat,
men moat net ien ferjitte.

It hat net folle te betsjutten,
sa’t ik hearde, ’t barde yn in stâl,
syn mem is faam, sa’n frommes
telt amper mei, se docht it mâl,
dochs wurdt myn macht fergrutte.

* Byld ‘Keizer Augustus’ fn Prima Porta

 

admin

Jehannes is syn namme

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It wie safier, sjedêr de soan
troch ingel Gabriël foarsein,
foar Sacharias net te leauwen;
party gasten kamen oan,
it wie de blidens dy’t sy preauwen.

De achtste dei wie it wer drok,
de heit droech doe syn soantsje, want
de wet skreau foar om te besnijen;
gasten krigen wol in skok:
soe ’t bern in oare namme krije?

Jehannes, sa hie Gabriël
it sein en sa sei ek de mem,
de heit woe it dêrnei opskriuwe,
trije kear wie ’t bern yn tel,
de namme soe Jehannes bliuwe.

Nei ’t skriuwen joech de heit wer lûd:
‘Ik loovje God, jou Him de ear,
ús soan sil elkenien fernije
dat der komt in kear, foargoed
sil Davids Soan it folk befrije.’

* Skilderij ‘Prystersoan berne’   

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum