Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jaïrus oer libben en dea

Bibelbylden

fan Ilja Repin*

Sels ik, behearder fan de synagoge,
bliuw net frij fan leed en dea
dy’t taslaan yn de eigen wente,
it gie net om myn eigen siel en lea…
de dea fan bern kin dochs net doge?

Us lytse faam wie siik, ik seach har lijen,
koe ’t net oansjen hoe’t se lei
en ha it oan de mem oerlitten,
ik wynde my as heit der sa foarwei,
dochs woe ’k it wer yn lykwicht krije.

De man út Nazaret seach ik op strjitte,
bin op slach nei him ta set,
op knibbels ha ’k syn help ynroppen,
ik hearde roppen dat it wie te let…
soe ik as heit it dan net witte?

Mar Jezus woe sa net, ik kriich fertrouwen,
hoe of wat, ik wist it net,
’k bin hymjend nei  ús wente drafke
en seach en hearde ’t daliks, ’t wie te let:
in aaklik kleiliet fan de frouwen.

Doe’t Jezus sei, ús famke lei te sliepen,
hearde ik, dat wie net sa
en bûtendoar waard  lûdop lake;
syn grutte hân gie op har hantsje ta…
se die de eagen daliks iepen.

*Ilja Repin (1844-1930)
Skilderij ‘De opwekking fan de dochter fan Jaïrus’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum