Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dream fan Joazef

Bibelbylden

fan Rembrandt*

It moat my as Marijes man fan ’t hert,
dat faak fûl kloppe hat
fan blidens, mar noch mear fan skrik;
de wizen wiene wer nei hûs ta set,
foarname lju, mar wa wie ik?

Ik stie wat achterôf en hie nea tocht
dat ik dyselde nacht
wat fielde yn de sliep, in tik
op ’t skouder, want in ingel brocht
my syn berjocht, mar wa wie ik?

It wie gjin neare dream, mar stjerrend wier:
Herodes socht it bern
as foarst mei in moarddiedich skik;
wy moasten op ’e flecht, al ier
nei ’t suden ta, mar wa wie ik?

Ik ha gjin wink mear yn de eagen hân,
want ik wie wol de man
en heit, dus moast de rêch al rjocht;
Egypte, eartiids slavelân,
dêrhinne ha ik beide brocht.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Flecht nei Egypte’

admin

Ik, Herodus

Bibelbylden

fan ûnbekend*



In kening moat de feiten witte,
alles wat der foarfalt yn it lân,
teminsten wat der driget;
ik driigje sels mei hurde hân,
sil dy ek fiele litte.

Dat koe ik net by trije wizen
dy’t it hiene oer in stjer en bern,
in foarst, foar my bedriigjend;
ik liet har gean nei Betlehem,
mar wie wol fan de wize.

Ik ha har wol ûnthjitte litten
om werom te kommen mei wat nijs
oer dy takomstich kening;
grif binne se wer ûnderweis…
ik bliuw der sa mei sitten.

* Yllustraasje ‘Herodus de Grote’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum