Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Taddéus oer needwaar

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Ik jou it daliks ta,
it farren seit my neat,
dat is no ienkear sa,
it fiskjen ha ’k nea leard.

Mar Jezus woe de rêst,
wy soene oer de mar,
ik krige doe al lêst,
foar my wie ’t yn de war.

De fisker stie oan ’t roer,
’t wie Petrus tabetroud,
hy sylde ús wol oer,
wie daliks net benaud.

En Jezus siet foaryn,
hy joech him noflik del…
ynienen foel de wyn
op ’t skip oan, ik waard kjel…

… fan weagen withoeheech,
dy sloegen oer it board,
it waard foar Petrus dreech,
de fisker wie yn noad…

… en dêrmei ek it skip,
mar Jezus lei foaryn
en fielde grif gjin drip,
noch helle oan de wyn.

Ik hold it net mear fol
en stjitte Jezus oan,
dy seach it needwaar wol,
mar kalm wie dochs syn toan:

‘Jou del, jim wyn en weach!’
En daliks wie it stil.
‘Mar jim, jim ha gjin each
foar trou oan God syn wil!’

Ik jou it daliks ta,
fertrouwen hie ik net,
dat wie no ienkear sa,
mar nea is it te let.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Stoarm op ’e mar fan Galiléa’

admin

Modelboer

Bibelbylden

fan Vincent van Gogh*

Hy moat my sjoen ha doe’t ik siedde,
’k wie krekt klear en seach him stean
mei minsken om him hinne,
neat hold my tsjin om dêr nei ta te gean,
’t wie mar in eintsje rinnen.

It gie yndied oer sie en siedzjen,
mar foar my wie it net nij:
it sie moat yn de ierde,
want op it paad giest oan it doel foarby,
in rots kin ek neat biede.

Wat doe kaam, wie foar elk nijsgjirrich,
’k hie it sels sa nea besjoen:
wy wiene sels de ierde,
it godswurd foel by ús yn goede grûn,
men moat soks ek mar riede…

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum