Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Soan en mem

Bibelbylden

fan Elias van den Bossche*



It giet fier boppe myn ferstân
út wat der allegearre bard
is sûnt wy oan de tafel ieten,
ik kriich it plak oan Jezus’ rjochterhân…
mar ha ik my hjoed ward?

’k Bin mei syn mem nei boppen gien,
har soan hong doe al oan it krús,
ik hear noch hoe’t se súntsjes gûlde,
tegearre ha wy earst op ôfstân stien…
wa fielt him dêr no thús?

Ynienen hearden wy syn stim,
fan boppen ôf seach hy ús oan,
syn eachopslach sil ’k nea ferjitte.
Tsjin my sei hy: ‘Sjedêr, dit is dyn mem.’
Tsjin har: ‘Dit is jo soan.’

It giet noch boppe myn ferstân
wat sein is boppe Golgota,
’t gefoel sprekt fan in hechte bân.

* Elias van den Bossche (sirka 1600-1620)
Ets ‘Kristus oan it krús’

 

admin

Wurden heine en stjoere

Bibelbylden

fan Andrea Mantegna*



Hoewol’t de pine my ferskuort,
kin ik noch alles hearre,
hein de wurden nêst my op,
hoe is it mooglik dat myn maat noch spot
foar’t  wy straks stjerre.

As ik him goed begryp, dan stjoert
hy oan op noch in wûnder
fan de middelste oan ’t krús,
as kamen spikers út ’e hân en foet
fan ús as sûnders.

‘Sis maat, joust no noch net om God?
Wy ha de straf fertsjinne,
mar de Kristus treft gjin skuld…
Hear, tink oan my yn ’t ryk, oars sil myn lot
it heil net winne.’

Wat frjemd, de pine lûkt fluch fuort
by ’t hearren fan de wurden:
‘Wis, foar dy is ’t paradys
lykas foar my.’ Ik fiel my ticht by God…
hoe sil ’t noch wurde?

* Andrea Mantegna (sirka 1431-1506)
Skilderij ‘De krusiging’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum