Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mei Petrus’ eagen

Bibelbylden

fan ûnbekend*



It is wol wier, ja, wrachtich wier,
ik ha it mei myn eigen eagen sjoen,
it grêf is leech,
de froulju fûnen ’t sa al ier.

Se kamen by ús mei ’t berjocht
fan ’t lege grêf, ien hie sels Jezus sjoen,
healwizepraat
fansels, sa waard oer sok nijs tocht.

Ik sei ’t lûdop, gie doe oerein,
it âlde aard hie my dat seintsje jûn,
dus rap paraat,
ik bin it paad nei ’t grêf ynslein.

En wrachtich wier, it wie wol sa,
de froulju ha ik alle eare jûn,
ik hâld har heech
en Jezus… komt Hy nei ús ta?

Yllustraasje ‘It lege grêf’

admin

Maria fan Magdala’s Master

Bibelbylden

fan Alexander Andreyevich Ivanov*

Noch altyd wol it my net oan
dat ’k Jezus sjoen ha by it grêf,
nee, net deryn, doe wie er stoarn,
ynienen stie hy libben foar my.

Ik hie de oaren al ferteld:
‘De rûne stien is der foarwei!’
Se stiene allegear fersteld,
der wiene twa dy’t mei my giene.

Sy rûnen hastich foar my út
en rekken út myn eachweid wei,
’k wie net by steat ta in beslút
en stie deun by it grêf te skriemen.

Ik miende dat ’k wat ljochtsjen seach
en bûgde my nei ’t grêf foaroer,
ik kriich twa ingels yn it each,
dy’t fregen wêrom’t ik sa skriemde.

Myn antwurd wit ik no net mear,
it skriemen wie ynienen oer
doe’t ik wis wist: dêr stiet de Hear;
hy sei: ‘Maria’ en ik: ‘Master.’

* Alexander Andreyevich Ivanov (1806-1858)
Skilderij ‘Kristus ferskining oan Maria fan Magdala’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum