Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fisy fan Jehannes

Bibelbylden

fan Pieter Pietersz. de Aldere*

Wêr moasten wy oars hinne
as nei Galiléa, dêr’t de mar
oan ús as fiskers loek;
it wie benammen Petrus’ kar,
hy foel werom op ús berop…
hoe soe hy him fersinne?

Dy nachts ha wy neat fongen,
dat it sin fan Petrus wie mar min,
want wiene wy sa tûk
wol bleaun as fiskers yn de rin
fan trije jier? It wie in strop
foar him en foar de ponge.

Wy hearden doe ien roppen
oft der yn de nacht wat fongen wie,
ús antwurd is bekend;
it kaam frjemd op ús oer: syn rie
wie ’t net moast oan de rjochterkant
as kaam de fisk fan boppen.

Ik ha ’t ynienen witten
dat mar ien de wrâld feroarje koe,
wy wiene it wol wend
fan Jezus, wat hy no ek soe,
dat Petrus sprong yn ’t wetter, want
hy seach it doe wer sitten.

* Pieter Pietersz. de Aldere (1540/1541-1603)
Skilderij ‘Jezus by de mar fan Tibearias’

admin

Ynhelle troch de Toara

Bibelbylden

fan Caravaggio*

Jawis, wy wiene ûnferstannen,
sa’t Jezus ús op wei ferwiet,
blyn en delslein troch syn krusiging,
omdat hy ús allinnich liet,
gjin iepening mear nei de takomst ta,
sa rûnen wy mei lege hannen.

Ynienen waarden wy ynhelle
troch ien dy’t harke nei ’t ferhaal
dat , sa’t bliken die, gie oer himsels;
dêrnei spriek hy yn kleare taal
ús ta oer wat der stie yn de Toara,
’t gie oer himsels, hy soe ’t fertelle…

… net daliks, letter ûnder iten,
doe’t hy by ús de bôle briek,
sa’t er earder ek wol die, in flits
dy’t ús djip yn de eagen stiek,
in teken sûnder wurden nei ús ta…
wy ha ússels wol wat ferwiten.

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Nachtmiel te Emmaüs’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum