Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hjir hingje ik, ferjamme

Bibelbylden

fan Rembrandt*



Foar neat ha ik my skamme,
wêrom soe ’k dat ek,
ik moast de tiid trochkomme
en dan is neat te gek,
mar sjoch… hjir hingje ik, ferjamme!

Wy hingje mei ús trijen
om hjoed dea te gean,
hjirnêst giet troch foar fromme,
ik ha ’t op him net stean…
dy Kristus soe de wrâld befrije.

‘Binne jo de Kristus net?
Rêd josels en ús derby,
oars is it aanst te let!’

Ferrek, wat seit dy fierste,
dat ’k om God net jou
en dizze straf fertsjinje?
Dy gek hat grif berou,
wol krije wat er niis noch miste.

* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘Jezus krusige tusken twa misdiedigers’

admin

Achting fan in taskôger

Bibelbylden

fan Peter Gertner*



Net dat ik faak dêrhinne gean,
mar hjoed woe ik der wol op ta,
want trije kamen tagelyk oan ’t krús,
dy Jezus ek, de man út Nazaret,
yn dy kontreien hearde hy eins thús,
afijn, syn boadskip wie bysûnder,
dêrom wie ik ek op Golgota.

It wie grif syn fertsjinne lean,
sa wie op Golgota it praat
en earlik sein, ik tocht der ek sa oer,
teminsten earst, mar nei it húnjen net…
de skriftgelearden makken my doe poer,
se fergen Jezus op in wûnder,
dêryn klonk ferachting troch, sels haat.

Ik koe net langer dêr sa stean
mei lege hannen… wat koe ’k dwaan?
Neat dochs…, mar wie dat wol in goed ekskús?
Ik wist, it wie foar aksje doe te let,
want Jezus hong te stjerren oan ít krús
as wie hy hjir de grutste sûnder…
wat koe ik him oars as achting jaan?

* Peter Gertner (1495/1500-1541)
Skilderij ‘Krusiging’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum