december 5, 2018
fan Jan Luycken*
Gjin noed ha ’k hân oer wûnen
troch de stiennen op ’e lea,
dy binne no wer ticht;
yn Lystra hawwe Joaden smiten,
efkes lei ik dêr foar dea.
Ik kaam oerein, wy reizgen
fierder, doe de wei werom
en tsjûgen wer fan sicht
op ’t ryk fan God; yn alle kriten
waard foar elk it útsicht rom.
Wy foeren oer de weagen
fan de see wer nei it stee
fan ús begjin, de plicht
om foar it leauwe út te kommen:
ja foar God, tsjin goaden nee.
Sa waard it sicht ferromme;
nettsjinsteande wurge lea
foel elke stap ús licht.
* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Paulus en Barnabas yn Lystra’
december 1, 2018
fan Jacob Jordaens*
Yn Lystra bin ik pryster
yn de timpel fan god Zeus,
dy’t alle dagen offers kriget,
dat hy it folk syn goedens skinkt
en foar de stêd gjin ûnheil driget.
Mar hjoed bin ’k wizer wurden,
net om ôf te jaan fan Zeus,
ik soe net doare, ’t wiene Joaden,
dy’t wizer binne as men tinkt,
earst seach ik harren oan foar goaden.
In lamme koe wer rinne,
neffens ’t folk troch ’t hege wurd
fan goaden, har wie neat tefolle;
in offer, krige ik as wink,
dat ik derhinne mei twa bollen.
Fergees, it wiene Joaden
mei in boadskip fan har god,
dy’t goeddocht foar de hiele ierde,
om’t hy foar elk de fruchten skinkt,
mar wat hat Zeus dan noch te bieden?
* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘Paulus en Barnabas yn Lystra’