augustus 3, 2019
fan Edward Burne-Jones*
Timoteüs beskôgje ’k as myn soan,
betrouber as wie ik syn heit,
wy ha ’t bliid boadskip tsjinne,
tegearre foar de Hear,
wat alles yn ús libben seit.
Meikoarten komt de soan by jimme oan
om te fernimmen hoe’t it giet
en hoe’t jim kristen binne:
noch bidde oan de Hear
en sjonge Him ta mei in liet.
Mar nee, Epafroditus stjoer ik earst,
hy striidt mei my lykas in broer
om oeral folk te winnen
dy’t libje wolle foar
de Hear, wy jouwe dêroan stjoer.
It kin, Epafroditus is wer sûn,
hy hat syn libben weage om
de Hear en jim te tsjinjen,
wy binne foar elkoar
as broers, sa is it libben rom.
* Edward Burne-Jones (1833-1898)
Glês-yn-lead ‘Apostel Timoteüs’
juli 31, 2019
fan Rembrandt*
Jezus Kristus hâld ik jimme foar
as foarbyld, hoe’t syn libben wie
foardat Er oan it krús ferstoar.
Kristus libbe Gods bedoeling foar
yn hiel syn dwaan en litten,
mar rûn net om as wie Hy God,
woe neat fan ’t eigen godsbyld witte,
wie de tsjinstfeint fan in oar,
gelyk oan ’t minskdom hjir op ierde.
Hy folbrocht reewillich ’t lot
dat Him as opdracht meijûn wie,
sels oant de krúsdea ta.
Dêrom liet God Him heger sitte
as bewenners fan it himelryk,
dêr’t Kristus’ namme ek heech klinkt,
sadat de knibbels foar Him bûge,
ek foar God de Heit in eareblyk.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Himelfeart fan Kristus’