maart 11, 2020
fan Luca Giordano*
Earst stel ik my oan jimme foar
as Judas, skriuwer fan de brief
bestimd foar elkenien dy’t leaut
yn ’t evangeelje fan ús Hear
mei as doel: bliuw yn it rjochte spoar.
Egypte seit jim grif wol wat,
de Hear hat doe syn folk befrijd,
mar letter wiene der ek lju
dy’t giene tsjin syn wet tekear,
freeslik wie úteinlik harren lot.
Jim ha ek fan de ingels heard
dy’t fallen binne fan it plak
dêr’t sy earst wennen mei wa’t leaut
dat alles komt úteinlik klear,
mar dy ingels ha gjin Hear dy’t rêdt.
* Luca Giordano (1634-1705)
Skilderij ‘De fal fan de opstannige ingels’
maart 7, 2020
fan Jusepe Leonardo*
Bêste Gajus,
Myn winsk foar dy is sûnens
nei lichem en nei geast,
oer alle boegen fan ’t bestean
meisto it goede ûnderfine,
sa silst moedich fierder gean.
Fan bruorren ha ’k fernommen
datst libbest út ’e wierheid wei,
sa litst dyn ljocht klear skine
foar wurge reizgers ûnderweis
om Kristus’ boadskip oer te bringen,
do joust har gastfrij ûnderdak
en bist net as Diótrefes,
fan him krijt nimmen plak,
hiel oars as by Demétrius,
dy hâldt him oan de goede dingen.
Groetnis, Gajus, ek oan oaren,
wy prate nochris op in goede dei.
* Jusepe Leonardo (1601-1652)
Skilderij ‘Tredde brief fan Jehannes’