Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan Timoteüs 9

Bibelbylden

fan Hendrik dewith*



Timoteüs, it komt der wol op oan
yn ’t lêste fan de dagen
as minsken domdryst gean
har eigen leafdeleaze wei…
do nimst it goede paad, myn soan.

Myn foarbyld hasto folge, leafdefol
yn hâlden en yn dragen,
ek yn ’t dragen fan de lêst
fan alle noeden op ús wei:
ferfolging easket op in rol.

Timoteüs, bliuw trou oan Kristus’ lear,
dan sil it foar dy daagje
hoest de wei wiist fan behâld,
jou dysels mei ’t evangeelje wei,
dan wurdst beholden troch de Hear.

* Ut ’e samling fan Hendrik dewith
Yllustraasje ‘Timoteüs lêst de brieven fan Paulus’

admin

Brief oan Timoteüs 8

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Do bringst, Timoteüs, de wiere lear
fan ús ferrizenis as Kristus komt,
mar oaren wolle ha, it hoecht net mear,
’t ferrizen hat al west.

Mij strideraasje, ’t hat gjin doel
om tsjin de sike stellings yn te gean,
ferfretten wurdt har lear, dy kankerboel
is foar ús heil de pest.

Wy binne ’t goud- en sulverguod
as ’t dwaan en litten sprekken lije kin,
ús âlde libben, hout en stien, is fuort,
sa hat it ienkear west.

Wês alle kearen blinkend skjin,
dan bist in tsjûgjend tsjinstfeint fan de Hear,
joust oan de dwerse sprekkers rjochtút sin
tsjin duvelsk pleit en pest.

* Glês-yn-lead ‘Michaël deadet satan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum