Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan Titus 3

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik skriuw nochris, Titus, dat dyn taak
op Kreta noch net dien is
salang’t Kretinzers noch net dogge
wat ús al ien en mien is.

Nochris, dus ik skriuw it withoefaak:
wy moatte ús fernije,
wy likegoed as de Kretinzers,
do silst dêroer net swije.

Deljaan moat men ûnder oerheids macht,
jin dêr net tsjin fersette,
want opstean sil de oarder reitsje,
basearre op de wetten.

Goeddwaan, nim dy dieden goed yn acht,
de kâns om út te blinken,
wy likegoed as de Kretinzers,
do silst de wierheid skinke.

* Foto ‘Tsjerke fan Sint Titus’

 

admin

Brief oan Titus 2

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Sprek, Titus, mei de sûne lear
de generaasjes earlik ta,
net inkeled manlju, froulju, jong en âld,
ek slaven moatte ’t boadskip ha.

De âlden moatte ’t foarbyld jaan
oan jongelju fan: doch it sa!
Dat byld wurdt trochjûn oan de bûtenwrâld,
’t is mei dyn sprekken wol te dwaan.

De slaven sprekst der ek op oan
dat sy in goede hâlding ha
foar harren master oer, want dy ûnthâldt
dan net syn soarch oan har, no sa!

Sa moatsto sprekke, Titus, lear
de generaasjes Kristus’ wei,
dy’t útkomt by de folle hearlikheid,
dan komt it mei dysels ek klear.

* Yllustraasje ‘Titus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum