Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De fjirde Advint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie de fjirde fan Advint,
’t hie ferzen dat it kreake,
dat de strjitten eagen leech;
elk lei noch yn syn elemint,
Ferwachting yn it neaken.

Image

Mar doe’t de klok begûn te slaan,
ferriisden wite kleden
as beskerming tsjin de kjeld,
gjin sterveling koe’t antwurd jaan,
Advint wie net de reden.

Image

De middeis rûn de strjitte fol
mei folk, djip yn de kragen,
wittend dat ferwachting telt
wol út wat de kommersje wol:
foar elk it wolbehagen.

Kamiel en wize seagen ’t oan
mei langstme nei de dagen
fan de berte fan de Soan.

Image

admin

De sprong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy libbe ’t leafst nei ’t ljocht,
wat gie him springend ôf
fan dei oant dei, fan jier op jier;
de polsstôk wie syn frou,
sa woed er it graach ha.

Hy wist it earst net rjocht
oant op dy skimerdei
dat yn de pols in skuorke kaam;
’t wie let doe’t sy it sei,
sa woe se it graach ha.

Image

Sy tilde him yn ’t ljocht
nei dy ferflokte jûn
en sei sy bleau fan jier op jier
fan fier mei him ferbûn;
de sprong gie it op ta.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum