Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kampioen foar wûnder

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

It kin gjin tafal wêze
dat Snits komt yn it ljocht te stean
op grutte hichte,
want de Pan hat fierwei ’t hurdste fearn,
dit feit moat men goed lêze.

Image

Se hawwe ’t meast fan mêsten:
de sân lantearnepeallen gean
de hichte yn,
want de Pan hat fierwei ’t hurdste fearn,
it ljocht is foar de bêste.

De Jouwer gie derûnder,
de mêst fan Ljouwert bleau net stean
op grutte hichte,
dat de Pan hie fierwei ’t hurdste fearn,
in kampioen foar wûnder.

Image

admin

Superstiif derút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Earst wie de liuw allinnich kampioen,
dêrnei tegearre mei de Snitser Pan,
úteinlik hat de mêst de trochslach jûn,
dat Ulbe* waard wer deagewoan in man.

As Turbo-skipper wie hy heech ferneamd,
in klim yn ’t klassemint, dat stie sa fêst
as men de Aldehou de skeane neamt,
mar as in peal sa rjocht stie Turbo’s mêst.

Dat kaam troch ’t superstive koalstofspul,
in keunststof boppe stiel en yn it hout,
tradysje wie foar Turbo flauwe kul…
dus wêrom fûnen se in stive fout?

De pommeranten seagen ’t justjes oars:
de liuw waard daliks út ‘e útslach krast
en Turbo kriich de keunstmêst op ‘e noas,
gjin skipper mear, heechút in frjemde gast.

* Ulbe Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum