Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lot

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sawat in ieu al ha se ’t waar trochstien,
de fûle kjeld en ek de hjitte sinne:
kromme beam en wenninkje fan stien,
wat soe har no noch reitsje kinne?

De keale tûken stompe yn de loft,
gjin inkeld doel hjoed om de striid te winnen,
’t folle libben duorret noch in skoft,
dêr geane jierren faaks oerhinne.

En binnen ha de earmen grif ek slein
út argewaasje of om ’t libben hinne,
hoeden ha se ’t yn de widze lein,
mar ’t oare lieten se dan rinne.

Wat harren rekket, is it nearzich lot
fan stompkes sa’t se foar de riken binne,
hoe lang noch wenje yn sa’n krot,
’t wurdt tiid om mei in lot te winnen.

Dan stappe se oan board, begjint de reis
oer oseaan en seeën nei Bonaire
en Hawaï, jierren ûnderweis,
oerdei de sinne, nachts de stjerren.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum