Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hoannebiter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Mei brede wjukslach sweeft er oer it gea
en lit him driuwe op termyk,
de hoannebiter,
soms stiet er stil as yn de bea
foar wat er sjocht as libben lyk,
hy hat se faak te fiter.

Foar mûs en pykje is er in gefaar
wannear’t er oer de greide saait,
rap op har miter,
hy hakt se hastich ta tartaar,
gjin hoanne dy’t nei ’t hapke kraait
fan fijân hoannebiter.

Mei minskefijân kin de swever neat,
dy fynt syn rôversaard en -dûk
gesoademiter,
hy kriget fûgelfrij as steat,
in kleur noch swarter as de roek,
de wiffe hoannebiter.

En as de fijân dan net klimme kin
foar ’t skeinen fan syn hege nêst,
dy bangeskiter,
dan is de brek yn ’t glês te sjen,
hy lit syn byld net iens mei rêst,
de brutsen hoannebiter.

Image

admin

Op hol

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De mêsten heech, de touwen strak,
se lizze klear foar it seizoen,
tradysje en modern mei dak,
de dei is noch mar krekt begûn.

Guon hysje straks it brune seil,
mar oaren sûpe leaver swart
en sjogge yn Texaco heil,
it is mar hoe’t men leaver fart.

En middeis brûst it oer de mar,
de skoat stiet strak, de skroef draait fol,
neat is de boattoerist te bar,
de hollen slaan al gau op hol.

Mar jûns leit op ‘e kop in snoek,
fûl rekke troch de giselskroef
mei as gefolch in flinke dûk…
en ’t folk sit sûpend yn de roef.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum