Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Barriêres

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De minske leit barriêres oan
om op te kearen
wa’t of wat komt oan syn wâl,
dy klappen kinne beare.

Image

De klap kaam oan, it wiisde mâl,
in grut mystearje
hoe’t de botsing barre koe,
gjin stiel om te parearjen.

Smyt dan mar stien, sa’n wâlkant sil
elk skip wol keare,
stiel slacht op ‘e rotsen lek,
gjin skipper kin him weare.

De skipper eaget oer it dek:
de ljochtbarriêre
brekt er mei it stiel wol troch,
dat is noch nea mislearre.

Image

admin

Frysk Manhattan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
New York, de stêd fan ’t eigen folk
dat foer oer see en oseaan
mei yn it bloed it lôgjend fjoer,
’t wie earst in doarp, it hold net oer,
mar klimmend rikt it oant de wolk.

Image

Manhattan hat it yn it hert
om stribjend hegerop te gean,
mar eaget men it wetter oer,
dan stekt ek Fryslân heech de kloer:
in twilling is op ierde set.

De Jouwer is yn wiffe steat,
want sliepe docht gjin terrorist,
men wit it yn de wrâld mar nea,
hoewol’t Osama rekke dea…
en sjoch, de jûnsloft kleuret read.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum