Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Triennen fan Niels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach se fleanen tsjin de kleare loft
en tocht oan Niels, de jonge op ‘e goes,
ien mei de hiele guozzekloft
yn taal en teken, frij fan sin,
want wjukken by de rûs.

Ynienen wiene sy doe sûnder him,
in teken dat se rekken fier fan hûs,
want wie hy net har siel en stim,
in minskegoes nei guozzesin,
mar wjukken by de rûs?

Ik seach se swimmen, noch in kloft fan seis,
krekt út ‘e dop, as jongen foar it skot
fan hûnderttûzen, ûnderweis
nei minskesin en syn gewin…
Niels gûlde om har lot.

Image

admin

Eigen dracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De simmer noeget nei de wetterkant,
dêr’t foar it stedsfolk frijheid wankt,
de jacht syn netten net mear spant,
gjin racer troch de bochten jankt.

Image

Twa dowen saaiden op ‘e stange del
nei ’t flitsend fleanen oer de see,
gjin krolweach makket har noch kjel,
de hiele wrâld is fûgelstee.

Se draaiden earst de kop nei winkelklean,
wol gaadlik foar de wetterkant,
mar sjogge har dêr net yn gean
en boppedat: gjin fûgel klant!

Wat moatte sy ek mei in rêdingboei
yn ’t weagjend fleanen oer de see;
de kop derby, dy stiet yn bloei,
dus feale klean: in dûbel nee!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum